Sneon 29 maart 2025

 

Slúte wy ús jubileum 100 jier toaniel yn Menaam ôf.

Mei HYMPHAMP "OP PORTRET" en dernei de band "Jawis". It wurdt in prachtige jûn fol geselligheid!

 

Kaarten kinne fia de link

www.ticketkantoor.nl/shop/slutjun

of by de Black Horse besteld wurde. 

De kaarten binne mar €8 euro!!

 

 

Dit seizoen spylje wy foar de lêste kear by Schatzenburg Horeca.

Hâld rekken mei  in jûn fol komyske ûntwikkelingen en útspattingen. Wy spylje 3 ienakters.

In jûnfoljend programma watst net misse wolst. In jierdeifeestje dat út de hân rint, 2 froulju dy’t de tosk fan’e tiid fiele en in frou dy’t net al te bliid is mei har skoanmem.
Komt dit allegear wol goed?

Dus, kom sjen, kom laitsjen, kom dyselfs fermeitsjen.


De útfieringen binne op:
sneon 1 febrewaris, 20.00 oere 
snein 2 febrewaris, 15.00 oere
sneon 8 febrewaris, 20.00 oere

 

Kaartferkeap: dit seizoen geane wy online kaarten ferkeapje. Fanôf 10 jannewaris 2025 begjint  de digitale kaartferkeap fia https://www.ticketkantoor.nl/shop/winterskoft. Foar de minsken dy't leaver fysyk in kaartsje keapje wolle kin dat op freed 10 jannewaris fan 17.00 - 19.00 oere by Schatzenburg Horeca.

 

 

 

100 jier  

 

Toaniel yn  Menaam