In blijspul oer hjoeddeistige problematyk!
In nij jier mei in nije regisseur, nije spilers en nije kânsen! Dit jier in blijspul yn trije bedriuwen.

It stik "De Magnetron" wurdt troch ús opfiert op freed 30 en sneon 31 jannewaris 2009, om 20.00 oere yn 'e Black Horse yn Menaam.

Wolle jo ris by in repetysje yn 'e Black Horse komme te sjen? Kom gerust in kear del! Op tongersdeitejûn binne wy dêr faaks te finen. Fan 19.30 oere ôf!

Gearfetting fan it stik
Fokke Heeringa, in man allinne, libbet hiel ienfâldich op'e romte, sûnder alle hjoeddeiske geriif fan masines en apparaten. Kontakt hat er allinne mei de buorlju. Bûtensteanders fine it by him yn'e hûs in grutte binde, mar Fokke is der lokkich mei. De gemeente is lykwols fan betinken dat der wat oan dien wurde moat en stjoert in maatskiplik wurkster op ûndersyk út. It frommeske wit Fokke safier te krijen dat er in wike by har yn'e húshâlding sil. Der moat him wat hygiëne en beskaving bybrocht wurde. Grutter tsjinstelling as tusken it frije, rêstige, natuerlike libben fan Fokke en it fleanen en jachtsjen yn'e húshâlding fan de maatskiplik wurkster en har man en bern is der net te betinken. De útfanhûzerij mislearret dan ek folslein.


Spilers

Fokke Heeringa - Minne Dijkstra
Jelle Boersma - Leendert Bakker
Tine Boersma - Saskia Dijkstra
Mirjam de Groot - Bettina Bralts
Gerlof de Groot - Jan Doetjes
Sandra (harren dochter) - Nynke Dijkstra
Nynke (harren oare dochter) - Anja van der Ploeg


Efter de skermen

Ynsteksters - Tite Cats
  - Saskia Dijkstra
Lûd en ljocht - Chris de Vries
Grime - Liesbert de Schiffart
Toanieloanklaaiing en dekorbou - Dorus Hemstra
  - Jan Dijkstra
  - Domien Adema
Rezjy - Afke Lemstra