Wy binne bliid en grutsk!!


Resinsje Friesch Dagblad d.d. 5 febrewaris 2015


Frânske sadelpine yn Menaamster omjouwing


Foar Menaam en omkriten wie der ofrûne wykein dochs de mooglikheid om yn eigen doarp in foarstelling te besykjen. Lokkich wie de seal fan Black Horse beskikber foar Toanielselskip Menaem en koe men lang om let de oanwêzigen yn Frânske sfearen wolkom hjitte.Fan it teaterstik Zadelpijn en ander damesleed,dat oarspronklik as boek ferskynde,is troch doarpsgenoat Anneke Burgy in Fryske fersy makke. Fan de hân fan dizze oersetster is al behoarlik wat ferskynd en dêrmei wurdt it Frysktalige toanielrepertoire omraak fernijend stipe. Dat is ek te bespeuren yn de taal dy’t hantearre wurdt. Net altiten yn geef Frysk, mar wol yn konfrontearjende, hjoeddeiske rjocht-troch-see taal.De taskôgers krije dat te hearren fan seis úterlik, mar benammen ek inerlik, ferskate froulju, dy’t mei elkoar in wike fytse yn de Frânske kontreien. It is bygelyks Janet Rekker yn har rol fan Max dy’t der treflik yn slagget om mei har taalynterpretaasje en hâlden en dragen de laits op te roppen. De emoasjes rinne heech op yn dit stik. De froulju binne hurd tsjinmekoar.It komt dan ta orgastyske hichtepunten, sa as hja dat sels neame. Dat makket hjirtroch ek dat der yn guon sênes ûngemaklike mominten ûntsteane. Te gau binne dy dan wer klear en reitsje dan krekt net genôch. Knap delset wurde mearstimmige a capella sjongnûmers. It is in hiele toer om sa yn te setten dat de krekte toanhichte op dat stuit rekke wurdt. Dat slagget. Regisseur Anne van Oosten hat der yn dit stik foar keazen, dat de spilers regelmjittich út harren rol stappe en dan troch de saneamde fjirde wand streekrjocht mei de harkers

kommunisearje. Dat is in kar. It soe ek oars kinne. Moaie sênes ûntsteane mei help fan de kreatyf betochte rôljende fytsen, dy’t eltse kear wer yn in oare opstelling de ynteraksje tusken de fytsende froulju en it publyk op gong bringe. Punt fan besprek yn de oangripende ûnderdielen fan de útfiering is wolris de belutsenens fan de froulju.

Lûkpûde It brûken fan in lûkpûde om de muzikale Frânske akkordeonsfear del te setten is wol slagge. Dy ûnderbrekkingen jouwe de spilers de kâns om harren omraak om te strûpen foar alwer in nije koarte sêne. Wat in grutte ynfloed op toanielbyld hat is de kar om mei help fan projeksje it publyk fiktyf op spyllokaasjes del te setten dy’t op dat stuit by it ferhaal passe. Hiel passend en mei soarch útsocht. De auto mei it iepen dakje en it Menaamster Montmartre meitsje it byld kompleet. In foarstelling mei in soad pynlike,froulike sitewaasjes dy’t feroarsake wurde troch in deagewoan sadel.

Sadelpine fan Toanielselskip Menaem yn de Black Horse yn Menaem, 120 besikers, www.tsmenaem.nl

Frânske sadelpine yn Menaamster omjouwing


Jelle Terwal Resinsje