2023 - 2024
Dus...hy sûpte
Fenna en Hermien treffe inoar by tafal op fakânsje yn Grikelân. Se hawwe inoar goed 25 jier net sjoen! Skoallefreondinnen wienen se, oant en mei harren sechtjinde jier. Altyd mei syn fjouweren: Janne, Hermien, Fenna en Aukje. Hoe soe it mei Janne en Aukje wêze, freegje Hermien en Fenna harren ôf. Se prate ôf in reuny te organisearjen yn harren âlde stamkafee.
Wêr moat je begjinne nei 25 jier? Klikt it noch of binne se útinoar groeid? Hoe sjogge se werom op de freonskip fan doe? Wie it wol sa hecht? En dy iene grap…..it wie mar in grapke, mar dochs….?
2022- 2023
De flat fan Jet
Wat wie it geweldich om wer op ús fertroude stekje te repetearjen en útfierings te hawwen. Wy ha trije prachtige foarstellingen hân mei "De flat fan Jet" Beide sneonen wiene útferkocht en ek op de sneintemiddei wie de seal moai fol mei besikers.
No't it toaniel wer opromme is kinne wy foarútsjen op it kommende seizoen. It wurdt in seizoen mei ferskillende aktiviteiten. Sa geane wy oan de slach mei de jeugd. Nei de workshops yn septimber 2022, in besite oan Tryater yn jannewaris 2023 en de mooglikheid om de lêste try-out fan "De flat fan Jet"te sjen, wurdt it no tiid om wer in stap fierder te gean. Wy wolle dwaande mei in ienakter. Hjirfoar ha wy ek al goed kontakt mei de basisskoallen dy't ús misskien wol helpe kinne.
It is de bedoeling om foar de jeugd tusken 12 en 16 jier ek aktiviteiten op te setten. Hâld Menaem yn't Ljocht en Facebook yn de gaten om op de hichte te bliuwen.
Oar jier berikke wy in hichtepunt, dan kinne wy 100 jier toaniel yn Menaam fiere. Wy hoopje fansels dat wy dan noch hieltyd in bloeiende ferieniging binne, mei entûsjaste leden. It soe moai wêze as wy de kommende jieren wat groeie yn it oantal leden.
Toanielspyljen is hiel leuk om mei dwaande te wêzen en do hoechst it Frysk net beslist te behearskjen. Boppedat kist dy as lid ek op oare fronten hiel fertsjinstlik meitsje, efter de skermen yn de bouploech, by ljocht en lûd, mei klean en attributen. Of misskien wolst wol helpe by it finen en benaderjen fan sponsers of fynst it leuk om wat mei social media te dwaan. Elkenien is wolkom! Liket it dy wat? Stjoer dan in mailtsje nei toneelmenaam@gmail.com
2019- 2020
Gouden Hântsjes
It toanielstik "Gouden hântsjes" leit alwêr in pear moanne efter ús.
Op dit stuit binne wy drok dwaande om it kommende toanielseizoen wer in leuk stik op de planken te bringen.
Wolsto ek meidwaan? Jou dy gau op!!
Ek binne wy efter de skermen drok dwaande mei it jeugdtoaniel!!
Fynsto it leuk om toaniel te spyljen? Jou dy op fia ús Facebook side of fia "kontakt" op dizze side.
Wat wit spilesto yn 2021 wol in fet leuk toanielstik!!!
2017- 2018
Brutsen iis
Wat soene jo dwaan as jo skatryk binne? Of iensum en net maklik kontakt lizze? En wat moatte jo as jo hieltyd wer op syk binne nei oandacht, it leafst dy fan it oare geslacht?
Krekt, dan boeke jo in cruise….nei Noarwegen yn dit gefal. Hoewol de gemiddelde leeftiid oan de hege kant is, is it beslist gjin ferfelende boel oan board. Krektoarsom, der wurdt lake, roddele, flirt en dûnse. En as it iis ienkear brutsen is, leit der sels romantyk op de loer.
Ek as jo net oan boppesteande betingsten foldogge, is it oan te rieden in stikje mei te farren op de Mary Stuart. Jo sille beleane wurde mei in protte humor, ôfwiksele mei mominten dy't jo oan it gemoed komme.
Dus kom op ien fan ús útfierings yn febrewaris en waan dy op it boppendek fan in cruiseskip yn de Noarse fjorden.
2016- 2017
Lamelos
Toanielselskip Menaem spilet dit seizoen it stik “Lamelos” fan Tjerk Kooistra.
De spilers en minsken fan de produksjeploech hawwe der wer nocht oan en hoopje dat jimme ek dit seizoen wer nei Schatzenburg komme, wêr't it kafee wer ombouwt wurdt ta in echt toaniel.
Lamelos is ynspireare op Loenatik, in Nederlânske komyske televyzjesearje.
It stik spilet yn in psychiatryske ynrjochting foar tige begoedige pasjinten. Der sit by allegearre wol in stekje los, mar binne dochs sa gek noch net. At sy hearre dat sy nei in oare ynrjochting moatte, komme sy yn opstân.
2015- 2016
Ien fleach oer it koekoeksnêst
Yn febrewaris 2016 spylje wy “Ien fleach oer it koekoeksnêst” by Hoareka Schatzenburg yn Menaam. It kafee is dan omtsjoend ta in deiferbliuw fan in psychiatryske ynrjochting, wêr 't de patiënten elke dei wer neffens in fêst patroan en ûnder strang tasicht ferbliuwe. Alles feroaret mei de komst fan Max……
De repetysjes binne yntusken al folop oan'e gong, de bouploech en alle oare produksje meiwurkers binne drok efter de skermen dwaande om der wer in moaie
foarstelling fan te meitsjen. En wy geane wer knallen!! Mar sûnder publyk slachet dat net. Dêrom roppe wy eltsenien op: kom nei Hoareka Schatzenburg oan de Rypsterdyk yn
Menaam.
Ús útfieringsdata binne 6, 12 en 13 febrewaris 2016.
Sadelpine 2014- 2015
It podium is wer opromme, de seal is leech. Mar wat kinne wy weromsjen op in fantastysk toanielwykein!
Fanôf begjin jannewaris 2015 is der mei man en macht wurke om de seal fan de Black Horse klear te meitsjen foar ús foarstelling “Sadelpine”. Ús frijwilligers ha in protte oeren trochbrocht yn de Black Horse en de goede kontakten mei Gerard en Patricia ha der mei foar soarge dat dêr wurke wurde koe en dat it toanielwykein in sukses waard. Freed wiene der sa’n 120 taskôgers, sneon wiene dat der 200!! Folle bak dus en de band “Duo Men in Black” hat oan't yn de lytse oerkes trochspile.
De resinsje yn it Friesch Dagblad fan 2 febrewaris is der ien om grutsk op te wêzen. Spitich genôch binne wy net mear yn de race om “Sadelpine” op de slútjûn fan de Kriich te spyljen, mar wy hoopje op in goed rapport fan de jury.
Wy wolle foaral jimme, de taskôgers betankje. Foar in folle seal spilet it better en kinne wy knalle! Wy hoopje dan ek dat wy it nij'e seizoen wer op jim rekkenje kinne. Wy wolle ek de middenstân betankje en alle minsken, dy't op hokker wize dan ek, in bydrage levere ha, om dit wykein ta in sukses te meitsjen.
Op it moment dat ik dit skriuw, hawwe wy noch in moai útstapke foar de boech. Wy binne troch de Krite “Fier fan hûs” út Apeldoorn frege om ús stik noch in kear te spyljen en wol op sneon 21 febrewaris. Dat wurdt noch ien kear alles út de kast helje! De bouploech en in protte oaren binne al wer drok dwaande om alle spullen dêr te krijen: it dekor, de fytsen, de technyk ensfh.