Skiednis TS Menaem
Toaniel Selskip Menaem is ûntstien út de federaasje fan de Fryske Krite 1888 fan Menameradiel.
Yn 1924 wie der by de Fryske krite mei syn Fryske foardrachten, boekferslagen enz. fraach nei Frysk toaniel en sa is de Fryske krite Menaem útein set mei toaniel spyljen. Doe’t yn 1971 de konkluzje lutsen is, dat it iennige dat de Krite noch oan aktiviteiten die, bestie út de bernefoardrachtkriich en toanielspyljen, is der nei in drege ledegearkomste besletten om út de Fryske Krite te stappen en de namme te feroarjen.
Sa is in 1971 Toaniel Selskip Menaem ûntstien. Deselde minsken en it bestjoer bleaune sitten en binne gewoan fjirder gien mei dat wat se it leafste dienen: toanielspyljen!
Nei al dy jierren is TS Menaem in lytse ferieniging mei aktieve leden, freonen fan en stipers.
Alle jirren spylje wy ien toanielstik. Foarop stiet by ús de wille yn’e repetysjes en der wat moais fan meitsjen foar ús doarp.
De sosjale omgong en it gesellich dwaande wêze binne tige wichtige aspekten yn ús ferieniging.
Op ús kontaktside kinst dyn ynteresse toane en kinst dy opjaan as it dy wat liket om te spyljen, foar it lûd/ljocht te soargjen, te bouwen of gewoan om te helpen by de organisaasje.
toneelmenaam@gmail.com
100 JIER TOANIEL YN MENAAM
Hoe is it oait begûn?
Yn 1852 binne op ferskate plakken Fryske Kriten oprjochte.
De ôfdieling Menameradiel yn 1924 ek begûn mei it spyljen fan Fryske toanielstikken. De boek-lêzingen en Fryske jûnen waarden minder besocht en binne dêrom yn 1970 opholden. Doe waard
Toanielselskip Menaam yn 1971 oprjochte en wurde der allinnich noch mar oan toaniel en foardracht dien.
Derom fieren wy dit jier 100 jier toaniel yn Menaam!
Wy binne drok dwaande mei ferskate aktiviteiten yn 2024. De earste foarstelling is op 20 april. Wy biede dan in jûn mei “snoade ferhalen yn ‘e buorren”. Op dizze bysûndere teaterloop troch in part fan Menaam is der by elke stop ( op 7 lokaasjes) in koarte sketch. Elke lokaasje hat syn eigen ferhaal mei snoade figueren. De rezjy is yn hannen fan Hotse Karsten.
Belibje in jûn fol ferhalen!
Wolkom by “Snoade ferhalen yn ’e buorren”, in teäter-belibbing troch it hert fan ús doarp “Menaam”. Lit dy meinimme op dizze bysûndere loop troch de strjitten fan Menaam, dêr’t by elke stop in
nije, koarte sketch op dy wachtet. Gean mei op in reis lâns sân lokaasjes, elk mei syn eigen ferhaal en snoade figueren. Ús spilers bringe dizze ferhalen yn dizze libbene teäter-loop mei
gesellichheid en ferbining.
Datum: 20 april 2024
Starttiid: 19.30 oere
Startlokaasje: De Greate Buorren, Menaam.
Kosten: € 12,50 ( inkl. 1 konsumpsje op fertoan fan jimme kaart oan it ein fan de foarstelling op it Horekaplein yn it Gymnastyk-lokaal)
Praktyske ynformaasje: de kuier duorret krekt wat mear as 2 oeren. Doch noflike skuon oan en klean dy’t passe by it waar. It evenemint fynt sawol bûten- as binnendoarren plak. Der binne net op
alle lokaasjes sitplakken foar elk, it is wolris krekt wat te krap. Dizze kuier is dan ek net sa geskikt foar minsken dy’t wat minder op ‘e gong binne.
Yn it ramt fan 100 jier toaniel yn Menaam ha wy dizze foarstelling makke ûnder rezjy fan Hotse Karsten en mei teksten fan Renee Fokkema, Folkert Sijbrandij en Hotse Karsten en is der in prachtige
teater-loop ta stân kaam. Dit is dyn kâns om mei te dwaan oan in ûnferjitlike jûn dêr’t ferhalen, teater en mienskipsgefoel beiinoar komme. Oftst no allinnich komst of mei freonen en famlyje,
“Snoade ferhalen yn ’e buorren” liket in tige slagge, memorabele, belibbing te wurden.
Wy sjogge der nei út om jimme te ferwolkomjen op dizze jûn!
De jubileum kommisje
Locatie | Het gymnastieklokaal |
Adres | Greatebuorren 6, Menaam |
Datum | 20 april 2024 |
Tijd | 19.30 - 01.00 |
Organisatie | TSM |